Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskekameleonfilm.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


De gouden swipe


De gouden swipe (1996)

De gouden swipe spilet him ôf yn it Noarden fan Fryslân begjin jierren tritich. Ate Walinga (Steven de Jong), de soan fan Douwe (Rense Westra) konfrontearret syn heit mei de libbensbiecht fan syn mem. Wylst Ate de biecht oanharket, wint Douwe de felbegearde Gouden swipe op de drafbaan. Wannear't Douwe thúskomt rint it konflikt sa heech op dat Douwe de Gouden swipe stikken slacht op de rêch fan Ate. De oanstichter fan al dit kwea blykt Douwe syn saneamde freon Wilco Herema te wêzen. Ate nimt it beslút om fuort te gean mar dan stjêrd mem en dit bringt heit en soan wer by elkoar mar net foar lang. In nij konflikt ûntstiet wannear't Ate fereale rekket op Janke en Douwe der alles oan docht om dy leafde te ferbieden. Douwe ûntflechtet de problemen en konsintrearret him oppenij op de Gouden swipe. Der binne allinnich mear kapers op 'e kust dy't de grutste priis fan Fryslân winne wolle.It nûmer In nije dei fan de Kast is spesjaal skreaun foar dizze film.